Dichter fan Fryslân

Poet of Fryslân

Dichter van Fryslân

Arjan Hut 16/11/2023

Twivelje mei (ferzje 4)

even
dit briefke, hastich skreaun
ûnderweis, yn de trein,
ik kom fan fierren, of lis ik siik
op de bank en hallusinearje?

wa wit, wa wit
ja, fantasearjend − ûnderweis nei dy
(mar wêr’tsto stiest, gjin idee)
tsjûke-tsjûk!
ûnder in tekken, it liket wol novimber
koarts út beide noasgatten
de nacht raast by de finsters del
skiere pûsters rochelje en smûge, man
de kop fol mist en nergens langer seker fan

mar twivelje mei!

twivelje mei omdat it bloed oars fan de dakken spat

omdat alwittende alfa’s mei har simpele slogans ús
sa faak al nei de ôfgrûn brochten

omdat der dan miskien wol romte komt foar gedichten en ferhalen, omdat lústerjen smoarch wurk is, omdat fertellen dreech is

twivelje mei omdat it ús dochs wol yn de kop omwynt

wa seit dat ommers noch, sûnder omhaal, simpelwei
doch − gewoan − normaal?

neat hjir is gewoan, neat is hjir normaal
de skulp net op it strân
de see net dy’t de skulpen brocht
de wyn net dy’t de golven skept

twivelje mei
want de tsjerken fan it wiere leauwen ha
neat mear te fertellen oer wierheid
as do en ik

dat, even
dit briefke, ynderhaasten, wylst it ljocht fuortkrûpt
like wis as de taal dêr’t ik dy yn skriuw:

yn de kûpee
sitte twa froulju en in jongeman
fanmekoar skieden
troch koptillefoans
mei skermkes foar de eagen
te skrollen en te swipen
sjogge se my wol, in koartsdream op de bank?

snút de noas, slik in pil
de nacht kochelet by de finsters del
bin ik op it goede spoar?

it is net dat ik skriuw omdat ik safolle wit
as ik oer de wierheid dichtsje sil
dan kreakje my de wurden

en ik twivelje oan de stimmen op it web, oan de stimmen
yn myn holle en de stim út de lûdsprekker dy’t seit

‘de volgende halte
Utopia – denk erom:
links uitstappen’

dizze links?

‘nee!
de andere links!’

twivelje mei
omdat Aggie it sei
omdat Wisława it sei
omdat Etgar it seit!

stel dyn leauwen leaver út en
lit mystearje ta
op de opinysiden fan de wrakseljende kranten
yn de tizebosken fan de oermacht
yn myn ôfkuoljende hert en oerprikkele kop fol stikels

lit betizing ta
yn de doffe karbidknallen boppe dokkum
yn it tsjuster fan it waad
yn de rein opspattend yn gloppen fan de tinteljende stêd

de ien syn kutwaar
is de oar har oankrûperswaar

as nachts myn bêd oan see leit
en it roezemuozzet yn de loft

as ik mei de bisten flean
en bid sûnder god

as de wyn de wei wiist
en in bern foar it sliepen
de ierde stil telt

lit it ûnbekende ta sadat wy mekoar yn al ús delikate ferbiningen
net kwytreitsje

komme trije friezen by de dokter
freget de barman: wat moat it wurde?
seit de earste fries

stjerren besteane net
de duvel plakt se yn de nacht
om ús te ferrifeljen

seit de twadde fries

stjerren besteane net
de leave hear set se oan de himel
om ús leauwen te testen

seit de tredde fries

de puzelstikjes komme net mear bymekoar

tink ik, mar

wa wit

no sa, wa wit

Dichter fan Fryslân

De Dichter fan Fryslân skriuwt seis oant tsien gedichten yn it jier en wit it grutte publyk te finen en te binen mei syn of har poëzij. By grutte foarkar yn it Frysk of yn in Fryske streektaal.

De Dichter fan Fryslân treedt op as poëtysk ambassadeur en draacht op in moderne en útnûgjende wize soarch foar de poëtyske presintaasje fan Fryslân. Binnen en bûten de provinsje. Leafst ynspirearre op aktuele foarfallen of opfallende en bysûndere mominten dy’t plakfine yn ús provinsje of dêrta yn relaasje stean. De Dichter fan Fryslân wit op in eigentiidske en tagonklike wize aktualiteit en sosjaal-maatskiplike tema’s te fangen yn poëzij.

Fan de Dichter fan Fryslân wurdt ferwachte dat hy of sy in oantal kearen yn it jier optreedt by neier oan te wizen gelegenheden.

Arjan Hut

Arjan Hut (Drachten, 1976) groeide op yn Surhústerfean en publisearre yn 2004 syn earste dichtbondel ‘Nachtswimmers’. Hy wie earder stedsdichter fan Ljouwert en waard yn 2019 foar twa jier beneamd ta Wâlddichter fan de gemeente Achtkarspelen. Hut is redakteur fan ‘de Moanne’ jout poëzijles oan de Skriuwersfakskoalle en de Schrijversvakschool en makket tegearre mei Gabriëlle Terpstra de podcast ‘Net Ferkeard’. Hy soe graach presys witte wat der mei JFK barde, hâldt fan boeken, films, samba jazz en hardrock. Hy is troud, hat twa bern en ien kat. Syn meast resinte, sechsde bondel, ferskynde yn 2023 en hjit fan ‘Ien tel de ierde stil’.